Andorra la Vella
| Andorra la Vella | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Parochy | Andorra la Vella | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 26.658 (2026)[1] | |
| Oerflak | 12 km² | |
| Hichte | 1.023 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | AD500 | |
| Netnûmer | +376 | |
| Offisjele webside | ||
| www.andorralavella.ad | ||
| Kaart | ||
Andorra la Vella (Frânsk: Andorre-la-Vieille) is de haadstêd fan Andorra , in lytse steat midden yn 'e Pyreneeën. De stêd hie neffens rûzing yn 2026 26.758 ynwenners en is njonken in sintrum foar de ekonomy en kultuer ek de wichtichste parochy fan it lân.
De stêd stiet bekend om de belestingfrije winkels. Dêrom komme in soad toeristen út de buorlannen en oare Jeropeeske lannen nei dit plak om bygelyks goedkeap tabak en alkohol te keapjen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de stêd yn in komfoarmige delling leit, hat Andorra troch it ferkear te meitsjen mei loftfersmoaring. Njonken Andorra la Vella sels en it buorskip La Comella krekt súdlik fan it stedssintrum leit yn 'e parochy ek noch it doarp Santa Coloma (2.944 ynw.) en it byhearrende buorskip La Margineda.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike Andorranen, etnyske Katalanen, meitsje mar in tredde part (33%) fan 'e befolking út. De mearderheid fan 'e befolking is Spaansk (43%) (dy't sawol Spaansk as Katalaansk prate). Oare grutte minderheden binne Portegezen (11%) en Frânsen (7%).
| Jier | 1865 | 1947 | 1965 | 1981 | 1985 | 1988 |
| Ynwennertal | 1.100 | 1.975 | 8.833 | 14.783 | 17.201 | 19.566 |
| Jier | 1995 | 2000 | 2005 | 2007 | 2013 | |
| Ynwennertal | 21.984 | 20.845 | 23.587 | 24.574 | 22.546 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De âlde binnenstêd fan Andorra la Vella stiet bekend om de âlde strjitten en huzen. De sintrale Sint-Stefanustsjerke (Katalaansk: església de Sant Esteve) wurdt omskreaun as in skildereftich ûnderdiel fan 'e stêd en stiet foar it riedshûs oer. De tsjerke is yn 'e 11e iuw yn romaanske styl boud. In pear strjitten fierderop leit it histoaryske parlemintsgebouw fan Andorra, de Casa de la Vall. Op it pleintsje dêrfoar wurde alle jierren kulturele eveneminten organisearre. It regearingsgebouw leit oan it Plaça del Poble, tichteby it parlemintsgebouw.
Nei alle gedachten is it âldste gebou in oare tsjerke, de Sint-Kolumbatsjerke yn Santa Coloma, dy't út de 9e iuw stammet. Dêrnjonken is Santa Coloma bekend om de iuwenâlde Sint-Finsintsiusstjerke, dy't boppe it doarp úttuorket. Andorra la Vella telt yn meiïnoar seis beskerme monuminten, wêrfan fjouwer yn it sintrum, de Sint-Kolumbatsjerke te Santa Coloma en de Pont de la Margineda by La Margineda.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andorra hat sels gjin lofthaven. Der binne wol busferbinings mei de ynternasjonale lofthaven fan Barcelona.
Berne yn Andorra la Vella
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Albert Celades (29 septimber 1975), Spaansk fuotballer
- Óscar Sonejee (26 maart 1976), fuotballer
- Marc Bernaus (2 febrewaris 1977), fuotballer
- Ildefons Lima (12 oktober 1979), fuotballer
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
