The Wolf of Snow Hollow
| The Wolf of Snow Hollow | ||
| (Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
| makkers | ||
| regisseur | Jim Cummings | |
| produsint | Kathleen Grace Matt Hoklotubbe Michael J. McGarry Natalie Metzger Matt Miller Benjamin Wiessner | |
| senario | Jim Cummings | |
| kamerarezjy | Natalie Kingston | |
| muzyk | Ben Lovett | |
| filmstudio | New Form Vanishing Angle XYZ Films | |
| distribúsje | United Artists | |
| spilers | ||
| haadrollen | Jim Cummings Riki Lindhome | |
| byrollen | Robert Forster Chloe East Jimmy Tatro | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 9 oktober 2020 | |
| foarm | langspylfilm | |
| sjenre | horrordetektivefilm | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 84 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $2 miljoen | |
| opbringst | $266.963 | |
The Wolf of Snow Hollow is in Amerikaanske horrordetektivefilm út 2020 ûnder rezjy fan Jim Cummings, mei yn 'e haadrollen hysels en Riki Lindhome. De titel betsjut "De Wolf fan Snow Hollow" (Snow Hollow, letterlik "Snieholte", is it stedsje dêr't de foarfallen plakfine). It ferhaal giet oer in searjemoardner dy't in wintersportoard yn Utah yn ûnstjoer bringt en de mei alkoholisme en útbarstings fan razernij oanhelle helpsheriff dy't him besiket te pakken. It ûndersyk nei de moarden makket in ûnferwachtse draai as it der hieltyd mear op liket dat de moardner in wearwolf is. Fan 'e filmkritisy krige The Wolf of Snow Hollow oer it algemien positive resinsjes, mar de film waard omreden fan 'e oangeande koroanapandemy mar yn in beheind tal bioskopen útbrocht. Om't akteur Robert Forster (dy't de âlde, mei hertproblemen ompakkende sheriff spilet) koart nei de ein fan 'e opnamen kaam te ferstjerren, waard The Wolf of Snow Hollow oan him opdroegen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]P.J. Palfrey en syn faam Brianne Paulson binne op fakânsje yn it wintersportoard Snow Hollow, yn 'e Amerikaanske steat Utah. Yn in bar kriget Palfrey wurden mei twa pleatslike jagers. Letter dyselde jûns wurdt Brianne by it bubbelbad efter harren fakânsjehûs oanfallen en fermoarde. Palfrey, dy't yn 'e sliep fallen wie, ûntdekt neitiid bûtendoar har skeinde lyk, dêr't de fagina út wei mist, mei dêrnjonken de print fan in reuseftige hûneftige yn 'e snie. Al rillegau fynt der in twadde moard plak, op skyleararesse Hannah Marten, fan wa't by de oanfal de holle ôfskuord en meinommen wurdt. Op har bluodderige lyk wurde hierren oantroffen dy't fan in wolf blike te wêzen.
De plysjeman dy't de lieding kriget oer it ûndersyk nei de moarden is John Marshall, dy't wrakselet om fan syn alkoholisme ôf te kommen. De ûntwenningsferskynsels taaste syn selsbehearsking oan, mei as gefolch dat er geregeldwei lêst hat fan útbarstings fan uterste razernij. Hy is lykwols ien fan 'e bêste plysjes dy't it plysjekorps fan Snow Hollow te bieden hat, mei't de âlde sheriff Hadley sels oanhelle is mei hertproblemen (dêr't er it bestean fan ûntkent), wylst de oare helpsheriffs allegearre neat te snuggere types binne. De útsûndering op dy regel is Julia Robson, mar sy wurdt troch de oaren net foar fol oansjoen om't se in frou is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op it plak delikt dêr't it lyk fan Hannah Marten fûn is, rekket Marshall slaande deilis mei in útsûnderlik knoffelige kollega dy't lûdop, yn it bywêzen fan 'e sammele media, seit dat de dieder wolris in wolf wêze kinne soe. Letter soarget Marshall derfoar dat de suffert ûntslein wurdt. Sels stiet er fan ferskate kanten ûnder swiere druk. De moarden moatte sa gau mooglik oplost wurde en de dieder pakt, en dêrby helpt it net dat de media him oanhâldend op 'e hûd sitte, dy't boppedat ek noch fral út binne op sensaasje. Fierders moat er sjen foar te kommen dat sheriff Hadley him aktyf mei de saak bemuoit, mei't dy ynspanning de âldman grif fataal wurde sil. En ta oermjitte fan ramp dumpt syn eks-frou harren teenagedochter Jenna by him op in stuit dat er it him alhiel net oan tiid docht om der foar har te wêzen. Alles mei-inoar liedt derta dat Marshall wer oan 'e drank rekket.
Wylst Marshall en Robson ûnderweis binne, smyt immen in bierfleske nei harren auto, as gefolch wêrfan't se op in hier nei in ûngemak krije. Op it plysjeburo komme paranoïde tips út hiel Snow Hollow en omkriten binnen. Sa wurdt de pleatslike mem Liz Fairchild yn in ytkafee oansprutsen troch in lange keardel dy't him op in fertochte wize hâldt en draacht. Se rapportearret dat oan 'e plysje, mar Marshall hat gjin fertrouwen yn it "ferkearde gefoel" dat se by de man hie en poeieret har ôf. Underwilens wit Marshall einlings en te'n lêsten sheriff Hadley safier te krijen dat er him ûndersykje lit yn it pleatslike sikehûs, dêr't in hertrûs by him fêststeld wurdt. De âldman wegeret lykwols om it rêstiger oan te dwaan.
De saak fan 'e searjemoardner eskalearret wannear't jûns let de skeinde liken fan Liz Fairchild en har trijejierrige dochterke fûn wurde. It docht bliken dat de lange man dy't Liz yn it ytkafee oanspriek, ek har wurk opskille hat om nei har te freegjen. Marshall en Robson dûke yn 'e argiven om te efterheljen oft der ek in ferbân bestiet tusken de slachtoffers. Temûk en in bytsje beskamme docht Marshall yn 'e pleatslike bibleteek ek ûndersyk nei wearwolven. Underwilens wurdt der yn Snow Hollow in jûnsklok ynsteld yn 'e hoop dat fierdere moarden foarkommen wurde kinne as der by tsjuster gjin lju mear omrinne. Nei in nije hertoanfal stimt sheriff Hadley dermei yn om syn funksje op te jaan en mei pinsjoen te gean, sadat er foar syn oandwaning behannele wurde kin. Eltsenien is der wis fan dat Marshall de nije sheriff wurde sil.
By nacht en ûntij glûpt Marshall syn dochter Jenna it hûs út om har frijer op te sykjen. Wylst se seks hawwe yn syn auto, wurde se oanfallen troch wat yndie in wearwolf liket te wêzen. Jenna rekket ferwûne en har frijer kiest it hazzepaad. Marshall, dy't lokkigernôch mar in pear strjitten fierderop op patrûlje is, arrivearret nei tillefoantsjes troch omwenjenden nei it alaarmnûmer op 'e tiid om 'e moardner op 'e flecht te driuwen. Marshall en Jenna meitsje inoar op 'e dyk ferwiten oer dôfhûdigens en min âlderskip. Der folget in klopjacht troch de plysje, dy't lykwols tragysk einiget as de moardner ien fan 'e helpsheriffs oer it mad komt, waans lyk letter ûnderstboppest yn in jiskefet weromfûn wurdt. Nei't Marshall Jenna en sheriff Hadley yn it sikehûs opsocht hat, kringt er yn in dronken bui mei in masker foar it hûs fan Jenna har frijer binnen mei as doel om 'e jonge in wan bruien te jaan om't er Jenna efterliet foar de moardner wylst er sels útnaaide. Underwilens boazet de sitewaasje fan sheriff Hadley ûnferwachts oan en de âldman komt hommels te ferstjerren.
Op syn A.A.-moeting hellet Marshall, roujend om Hadley en frustrearre oer de moardsaak, ferbaal út nei de oare dielnimmers. Hy wurdt dêrnei út 'e groep set. Dan wurdt it lyk fûn fan in lange, asosjale keardel dy't bûten de beboude kom mei as húsdier in wolfshûn yn in camper wennet. It docht bliken dat er stoarn is oan in oerdoazis drugs. Deunby de camper wurdt it stoflik omskot fan in fermiste frou oantroffen. De pleatslike patolooch-anatoom, mei wa't Marshall earder al ferskate oanfarrings hân hat, stelt fêst dat de camperman oerdúdlik de sochte searjemoardner is. Hy driget oan 'e media in boekje iepen te dwaan oer de swierrichheden fan Marshall om 'e moardner te finen, dy't it bewiis fan ynkompetinsje wêze soene. Marshall hat lykwols ûnderwilens útfigelearre dat it de patolooch-anatoom wie dy't it bierfleske nei syn auto goaide, en ûntslacht de man.
Nettsjinsteande de foar him ûnbefredigjende ôfrin fan 'e saak kin Marshall der neat tsjin ynbringe dat de searjemoardner fûn is. Alles liket te passen. Dat hy en Robson slute de moardsaak ôf en, om't der troch de dea fan 'e moardner gjin rjochtsaak wêze sil, begjinne se bewiisstikken werom te jaan oan 'e neibesteanden fan 'e slachtoffers. Palfrey skillet letter Robson op en fertelt har dat it spul dat oan him weromjûn is in toarnmeske befettet dat net fan him is. Robson hellet it toarnmeske op, dat in spesjalistysk stik ark foar taksidermy blykt te wêzen. Mei't der yn Snow Hollow mar ien taksidemist is, in Paul Carnury, dy't sydlings by de saak belutsen wie, beseft se dat dy man better ûnder de lûp nommen wurde moat.
Suver op datseldichste stuit komt Marshall by Carnury oan 'e doar om in bewiisstik werom te bringen. Carnury is tige nijsgjirrich nei de saak en freget Marshall ek hoe't it mei Jenna is. Marshall is hast alwer by syn auto as er foar it ferstân kriget dat Carnury details oer de ferwûnings fan Jenna wit dy't er net witte kinne moatte soe. Hy giet werom nei it hûs en freget de foaroerbûgd rinnende Carnury om ris rjochtop stean te gean. Wannear't de man dat docht, blykt er rom boppe de twa meter lang te wêzen. Beseffend dat Marshall him trochhat, slacht er de doar yn it gesicht fan 'e plysjeman ticht en naait er út. Marshall brekt yn it hûs yn en fynt dêr op in wurktafel foar taksidermy de holle fan Hannah Marten werom.
Carnury komt Marshall oer it mad en stekt him yn 'e búk mei in baas knyft. Ear't er him deadzje kin, kundiget in âljende sirene yn 'e fierte lykwols de oankomst fan Robson oan. Carnury docht gau-gau in eigenmakke pak fan wolvepelzen oan en glûpt nei bûten ta, de bosk yn. De slim ferwûne Marshall set him efternei en sjit him del, en as Carnury ferwûne en helpleas op 'e grûn leit, strompelet Marshall op him ta en sjit him ferskate kearen troch de holle, foar't er der sels hinne kneppelet. Robson arrivearret krekt op 'e tiid om dat te sjen.
In ûnbeskate tiid letter docht bliken dat Robson de nije sheriff fan Snow Hollow is. Sy en Marshall helpe Jenna om te ferhúzjen nei in studinteflat op 'e kampus fan 'e universiteit dêr't se studearje sil. Marshall stoppet syn dochter in pakje kondooms ta en teffens syn âlde tsjinstpistoal. As hy en Robson it gebou ferlitte, heart er hoe't in pear manlike studinten seksuele opmerkings oer de nije studintes meitsje. De âlde Marshall hie de jonges daliks in wan bruien jûn, mar de nije Marshall lit sjen dat er op it paad nei selsferbettering is troch, nei't er even stilstean bleaun is, troch te rinnen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

- haadrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| helpsheriff John Marshall | Jim Cummings |
| helpsheriff Julia Robson | Riki Lindhome |
- byrollen
| personaazje | akteur/aktrise |
| sheriff Hadley | Robert Forster |
| Jenna Marshall | Chloe East |
| P.J. Palfrey | Jimmy Tatro |
| Liz Fairchild | Kelsey Edwards |
| Hannah Marten | Hannah Elder |
| Paul Carnury | Will Madden |
| patolooch-anatoom Gary | Daniel Fenton Anderson |
| Brianne Paulson | Annie Hamilton |
| helpsheriff Gutierrez | Skyler Bible |
| helpsheriff Chavez | Demetrius Daniels |
| helpsheriff Bo | Kevin Changaris |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Wolf of Snow Hollow waard regissearre troch Jim Cummings nei in senario fan himsels. As produsinten wiene Kathleen Grace, Matt Hoklotubbe, Michael J. McGarry, Natalie Metzger, Matt Miller en Benjamin Wiessner by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Form, Vanishing Angle en XYZ Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $2 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Natalie Kingston, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ben Lovett.
Belutsenens fan Robert Forster
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Wolf of Snow Hollow wie in ûnôfhinklike film en, foar Amerikaanske begripen, in lowbudgetproduksje. Produsint Matt Miller hie út in earder projekt kunde oan Robert Forster, dy't troch syn rol yn Quentin Tarantino's Jackie Brown in bekend filmakteur wurden wie. Hy stjoerde him it skript fan The Wolf of Snow Hollow en ferwachte in beleefd "nee, tankjewol", mar ta syn ferrassing hie Forster belangstelling foar de byrol fan sheriff Hadley, fanwegen de dramatyk fan it âlder wurden en it ferliezen fan jins sûnens, en om't er de bân tusken de sheriff en helpsheriff Marshall seach as in heit-soanrelaasje. Forster sels ferstoar koart nei't de film klear wie, en sheriff Hadley bliek syn lêste rol west te hawwen. De makkers droegen dêrom The Wolf of Snow Hollow oan him op.

Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen fan The Wolf of Snow Hollow fûnen yn maart 2019 yn har gehiel plak op lokaasje yn Kamas, yn 'e Amerikaanske steat Utah, in foarstêd fan Salt Lake City.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Wolf of Snow Hollow waard fersoarge troch United Artists fia it label Orion Releasing. De film gie op 9 oktober 2020 yn premiêre, en wie dêrnei koarte tiid yn in beheind tal Amerikaanske bioskopen te sjen. De lockdowns en oare beheinings oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e koroanapandemy makken dêr lykwols in ein oan. The Wolf of Snow Hollow waard op 'e dei fan 'e premiêre ek útbrocht fia video-on-demand (VOD).
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Wolf of Snow Hollow oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Brian Tallerico fan 'e webside RogerEbert.com de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy skreau: "De mei snie oerdutsen setting en de knoffelige plysjes, yn 'e mande mei Cummings' drûge gefoel foar humor, hawwe laat ta ferlikings mei [films fan] de bruorren Coen, en dielen fan The Wolf of Snow Hollow hawwe perfoarst wat fan Fargo krúst mei Silver Bullet, mar it is net as oft Cummings syn ynfloeden sa oerdúdlik blike lit as guon sjenrefilmmakkers."
Yn The Hollywood Reporter skreau John DeFore: "[The Wolf of Snow Hollow is] befredigjend genôch as in horror/slasherfilm mei in neismaak fan swarte komeedzje, en it is op op in beskate manear ek kommersjeel oantreklik, mar it fertsjintwurdiget gjin artistike stap foarút." Peter Debruge fan Variety wie noch dúdliker: "[The Wolf of Snow Hollow] docht eins wat we allegearre hoopje dat in twadde film fan in regisseur net dwaan sil: it bringt oan it ljocht dat apartichheidsjes yn 'e debútfilm fan in regisseur dy't himsels noch bewize moat, gjin fersinnen wiene, mar swakten fan 'e regisseur. Dat is in teloarstelling foar dyjingen ûnder ús dy't hopen dat de wjerljocht twaris taslaan kinne soe foar de roerman fan Thunder Road."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Wolf of Snow Hollow in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 74 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] poatelet wat wif op 'e line tusken horror en komeedzje, mar it unike gefoel foar keunst fan senarioskriuwer-regisseur-akteur Jim Cummings makket der in jin nuveraardich bybliuwende hybride fan." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Wolf of Snow Hollow in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 13 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Wolf of Snow Hollow brocht yn 'e bioskopen mar $266.963 op en draaide dêrmei op it produksjebudget fan $2 miljoen in ferlies fan goed $1,7 miljoen. Dêr kamen de marketingkosten dan nochris oerhinne. Mar de lege bioskoopopbringst hie net te krijen mei te min belangstelling foar de film by it bioskooppublyk, mar wie te witen oan 'e lockdowns en oare beheinings yn it ramt fan 'e koroanapandemy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske horrorfilm
- Amerikaanske detektivefilm
- Unôfhinklike film
- Ingelsktalige film
- Film fan United Artists
- Film fan Jim Cummings
- Film út 2020
- Film oer in searjemoardner
- Film oer in plysjeman
- Film oer in Amerikaanske plysjetsjinst
- Film oer alkoholisme
- Film oer heiten en dochters
- Film oer wearwolven
- Film oer moard
- Film oer seksisme