Asil and the Not-Date
| Asil and the Not-Date | ||
| algemiene gegevens | ||
| auteur | Patricia Briggs | |
| taal | Ingelsk | |
| foarm | koart ferhaal | |
| sjenre | fantasy | |
| 1e publikaasje | 2020 | |
| bondel | Fantastic Hope Blind Date with a Werewolf | |
| rige | ||
| rige | Alpha and Omega | |
Asil and the Not-Date is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Patricia Briggs. De titel betsjut: "Asil en it Ofspraakje dat Gjin Ofspraakje wie". It ferhaal heart ta de Alpha and Omega-searje en folget de oerâlde en bot gefaarlike wearwolf Asil Moreno wannear't troch syn freonen foar him in trêde blind date beävensearre wurdt. Asil and the Not-Date waard foar it earst publisearre yn 2020, yn 'e blomlêzing Fantastic Hope. It makke ek ûnderdiel út fan Briggs har eigen ferhalebondel Blind Date with a Werewolf út 2025.
Eftergrûnynformaasje oer de haadpersoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Asil Moreno, byneamd "de Moar", is in tige gefaarlike wearwolf dy't sa âld is dat de behearsking oer syn wolf net mear hûndert persint is. Om't wearwolven lichaamlik net ferâlderje, sjocht er der lykwols noch altyd út as in jongeman fan omtrint 25 jier. Syn frou Sarai, de leafde fan syn libben, dy't ek in wearwolf wie, is yn 'e Napoleontyske Tiid fermoarde troch in heks (sjoch: Cry Wolf). Sûnt is er allinnich en likernôch tweintich jier lyn hat er him nei wenjen setten yn Aspen Creek, in doarpke yn Montana, dêr't de Marrok fêstige is. Dat is in wearwolf dy't noch âlder is as Asil sels en dy't regearret oer alle wearwolven yn Noard-Amearika. It is de iennichste dy't sa dominant is dat Asils wolf om syn sizzen jaan moat, wat wolris fan pas komme kinne soe as Asil op 't langelêst alhiel de kontrôle oer syn wolf ferliest.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de earste beide faaljekant misbetearde blind dates dy't syn "besoarge freonen" foar him regele hawwe (sjoch: Unappreciated Gifts en Must Love Cats: Aftermath), duorret it eefkes ear't Asil wat fernimt oer it trêde ôfspraakje dat foar him regele is. Neffens syn anonime 'freonen', dy't har ferskûlje efter in tydlik e-mailadres, is dat om't se mei it each op 'e earste beide blind dates de folgjende gadingmakster oan in yngeande eftergrûncheck ûnderwurpen hawwe. It giet om in Tami, dy't se fûn hawwe op 'e webside PlatonicPlantophiles.com. Dy site is bedoeld om leafhawwers fan túnkjen en it kweken fan blommen mei-inoar yn kontakt te bringen sûnder dat soks in romantysk aspekt hoecht te hawwen. Mei't Asil in broeikas hat dêr't er roazen kweekt, is soks krekt wat foar him.
Hy moetet Tami foar in ôfspraakje dat gjin ôfspraakje is yn in restaurant yn Spokane, en nei't se in bytsje mei-inoar yn 'e kunde kommen binne, kinne se it poerbêst fine. Mar healwei it iten wurdt Tami, dy't sosjaal wurkster is, opskille troch ien fan har kliïnten. It giet om Joshua, in teenager dy't troch har yn in pleechgesin pleatst is om't syn mem in hoarder is, wa har oarspronklik romme hûs no folslein foltroppe sit mei rommel. Joshua wie eefkes yn syn memme hûs om syn beide jongere suskes te besykjen, doe't der him in "lawine" (fan opsteapele rotsoai) foardie, dy't de doar blokkearre hat fan 'e keamer dêr't sy har yn befine. Hy wol de plysje net skilje, om't syn mem alhiel oerstjoer rekket as de autoriteiten har hûs binnenkringe, en freget dêrom oft Tami him net helpe kin. Sy kin dêr net foarwei, en Asil beslút mei te gean.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Asil har yn 'e jas helpt, ûntdekt er dat Tami in wite (goedaardige) heks is. Omreden fan syn foarskiednis mei heksen, moat syn wolf net folle fan sokke wêzens hawwe, mar Asil hâldt him foar dat wite heksen ûnskealik binne en in dreger paad bewannelje as grize heksen (dy't harren tsjoenderij oandriuwe mei pine en fertriet fan oaren dy't dêr tastimming foar jouwe) of swarte heksen (dy't aktyf pine en fertriet feroarsaakje by oaren om dat foar harren tsjoenderij te brûken).
By it hûs oankommen fan Helen, de mem fan Joshua, mient Asil in rook gewaar te wurden dy't makket dat er it swurd meinimt, dat er efteryn 'e auto lizzen hat. Hy en Tami kringe troch de efterdoar, dy't los is, it nei ôffal stjonkende hûs yn, klauwe har in wei oer bergen troep dy't suver oan it plafon ta komme en witte Joshua en syn suskes te befrijen. As Asil it swiere metalen buro sjocht dat foar de doar nei de blokkearre keamer fallen is, beseft er lykwols dat it dêr net út himsels hinne rûgele is. It sterket him yn syn oertsjûging dat it hûs de hoale is fan in Germaanske draak of wyrm, in mytysk wêzen dat de oanstriid hat om dingen te sammeljen. Dat soe ferklearje hoe't Helen frij hommels in hoarder waard nei't hja de wente fan har ferstoarne âldelju urven hie, dy't ek hoarders wiene. Wyrms brûke nammentlik ien of mear minsken om it eigentlike sammelwurk en it beskermjen fan harren skat foar har te dwaan.
Nei't se Joshua en de famkes út it hûs krigen hawwe, giet Asil werom om mei de wyrm ôf te weven, en Tami giet mei. Sy seit dat har mem har leard hat hoe't se de bân tusken in fampier en syn slachtoffer ferbrekke moat, en se mient dat soks ek wurkje moatte soe foar de betsjoening dy't de wyrm Helen oplein hat. It hert fan it domein fan 'e wyrm liket de kelder te wêzen, dy't se dêrom binnenkringe troch it lûk oan 'e sydkant fan it hûs, dat yn it ferline brûkt waard om stienkoal en iis oan te fieren. Fuort letter komt in tige lulke Helen, dy't stjoerd is troch de wyrm, bûtenom nei de kelder ta (dy't út it hûs wei net mear tagonklik is), mei in âld jachtgewear by har. Dat moat se lykwols bûten delsette om yn 'e kelder te klimmen. Tami befrijt har fan 'e betsjoening troch de wyrm, wylst Asil op 'e siik nei it mytyske bist djipper de kelder yngiet.
Tanksij syn wolf, dy't gjin inkele heks fertrout, kin er op 'e tiid oan 'e kant springe as Tami him fan efteren oanfalt mei in weach swarte magy dy't se oandriuwt mei de ellinde fan Helen. Dêrnei brûkt Asil de magy fan 'e bannen fan syn wearwolveridel as skyld tsjin har fierdere, swakkere oanfallen. Hy hat no foar it ferstân dat sy altyd al in swarte heks wie, mar hy begrypt pas hoe't se him foar it lapke holden hat as er it amulet sjocht dat se om 'e hals draacht, dat de macht hat om dingen te kamûflearjen as wat oars as dat se eins binne. Tami ferwyt him dat er inkele jierren earder har mem Mariposa deade hat. Dat wie de heks dy't Asil syn frou fermoarde hat, mar hoewol't Asil belutsen wie by har dea hat er har sels net om hals brocht (sjoch: Cry Wolf). Dat lit er fierder gewurde, mar hy wiist der al op dat Tami gjin dochter fan Mariposa is. Tami raast him ta dat Mariposa har mem wie op alle manearen dy't der ta dogge, wat nei alle gedachten sizze wol dat sy de learlinge fan Mariposa wie.
It is no wol dúdlik dat Tami al lang fan it bestean fan 'e wyrm ôfwist, en dat se troch magyske middels kontakt hân hat mei it wêzen doe't se yn it restaurant eefkes har noas poeiere. De wyrm sette Joshua-en-dy op har befel fêst yn in keamer, mei't se wist dat Joshua dan har skilje soe, sadat sy de kâns krije soe om yn gearwurking mei de wyrm Asil te deadzjen. Ien fraach sit Asil noch dwers, en dat is hoe't Tami it net-ôfspraakje mei him beävensearre hat om him nei Spokane ta te lokjen, mar se seit dat se dêr neat mei te krijen hie en dat se har eagen net leauwe koe doe't hy it restaurant binnen strúnde foar in blind date mei har. Asil, dy't in fromme moslim is, leaut net yn tafal en sjocht de hân fan Allah yn dizze gearrin fan omstannichheden.
Underwilens hat Tami it meastepart fan har tsjoensterskrêften ferspile, dat Asil rint net folle gefaar mear. Mar itselde kin net sein wurde foar Helen. Tami hellet in mês foar 't ljocht om 'e warleaze frou mei tenei te kommen, sadat se troch har dea de krêft stelle kin om mei Asil ôf te weven. Om't er in skerp gehoar hat, seit Asil lûd: "Swarte heksen lykas do rispje macht út pine en dea." Tami reägearret dêr net op, mar hy hie it ek net tsjin har. By it lûk pakt Joshua, dy't Asil en Tami temûk folge wie, it jachtgewear fan syn mem op en sjit Tami troch de holle.
Neitiid komt de wyrm foar it ljocht en fret it lyk fan 'e heks op. Asil lit him begean om't dat in handige manear is om fan 'e bewizen ôf te kommen dat hjir in moard plakfûn hat. Dêrnei pakt er syn swurd op en lit syn wolf frij yn syn minsklik lichem. Yn in gefjocht wêrby't de dielnimmers suver te fluch bewege om mei it bleate each te folgjen, deadet syn wolf it boasaardige wêzen. Nei ôfrin tilt Asil de bewusteleaze Helen út 'e kelder, wêrnei't er it hûs yn 'e brân stekt om fan it lyk fan 'e wyrm ôf te kommen. It hûs, dat oan 'e naal ta fol sit mei brânbere rommel, baarnt as in lôge, en der is gjin rêden mear oan foar de warskôge brânwacht (dy't letter ûntdekke sil dat it fjoer ûntstien is troch koartsluting yn âlde, bleat kommen te lizzen elektrisiteitstriedden yn 'e kelder). Asil is net ûntefreden oer syn trêde blind date: in swarte heks en in wyrm, twa boasaardige wêzens, binne útskeakele, en in mem is weriene mei har bern. Hy stjoert syn anonime 'besoarge freonen' wol in mailtsje dat sy en hysels blykber in oar idee hawwe oer de betsjutting fan it wurd "eftergrûncheck".
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Mercy Thompson (romansearje) | |
|---|---|
| Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost | |
| Alpha and Omega (romansearje) | |
| Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Unappreciated Gifts** • Must Love Cats: Aftermath** • Asil and the Not-Date** • Dating Terrors** • Scheherazade** | |
| fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows; **) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Blind Date with a Werewolf | |