Springe nei ynhâld

Ankara

Ut Wikipedy
Ankara
Sitadel
Sitadel
Bestjoer
Lân Turkije
RegioSintraal-Anatoalje
ProvinsjeAnkara
Sifers
Ynwennertal5.910.320 (2025)[1]
Oerflak25.632 km²
Befolkingsticht.231 ynw./km²
Hichte938 m
Oar
Postkoade06000–06999
Netnûmer(+90) 312
TiidsôneUTC+03.00
Offisjele webside
www.ankara.bel.tr
Kaart
Ankara (Turkije)
Ankara
Kaart
Sitadel
Plattegrûn fan Ankara

Ankara is de haadstêd en de twadgrutste stêd fan Turkije. De eardere haadstêd Istanbûl is de grutste stêd neffens ynwennertal. Yn 1919 sette Mustafa Kemal Atatürk him yn Ankara nei wenjen en makke fan Ankara de haadstêd fan Turkije.

Yn 'e âldheid hiet Ankara "Ancyra" en yn in letter tiidrek "Angora". De stêd stie yn dy tiid bekend om de wol fan langhierrige geiten, de angorageitewol of mohêr. De stêd hat noch in soad Romeinske en Byzantynske oantinkens.

Sicht op 'e Wite Toer fan 'e sitadel.

Ankara is neffens in âlde sêge yn 'e 9e iuw f.Kr. troch kening Midas stifte. Nei 278 f.Kr. waard it de haadstêd fan 'e Galaten en de nei harren neamde lânkrite Galaasje. Yn 621 n.Kr. waard it gebiet troch de Arabieren oermastere en net lang dêrnei feroveren de Byzantinen de stêd werom. Yn 'e 13e iuw namen de Turkske Seltsjoeken it lân oer.

Nei de Ottomaanske nederlaach yn 'e Earste Wrâldkriich waard de Ottomaanske haadstêd Konstantinopel (it hjoeddeiske Istanbul) en in grut part fan Anatoalje beset troch de Alliearde troepen. As reaksje hjirop fêstige de lieder fan 'e Turkske nasjonalistyske beweging, Mustafa Kemal Atatürk, yn 1920 it haadkertier fan syn fersetsbeweging yn Angora. Doe't nei de Turkske Unôfhanklikheidsoarloch it Ferdrach fan Sèvres fervongen waard troch it Ferdrach fan Lausanne (1923), ferfongen de Turkske nasjonalisten it Ottomaanske Ryk troch de Republyk Turkije op 29 oktober 1923. In pear wiken earder hie Angora offisjeel Konstantinopel ferfongen as de nije Turkske haadstêd (13 oktober 1923) en Republikeinske funksjonarissen ferklearren dat de namme fan 'e stêd Ankara wêze soe.

Atatürk Boulevard yn it moderne Ankara fan 'e jierren 1950.

De beneaming ta haadstêd fan it doe noch lytse stedsje Ankara hie grutte gefolgen. Stadichoan waard de stêd útwreide. It krige brede strjitten en nije gebouwen mei in moderne arsjitektuer. Der kamen oerheidsgebouwen, universiteiten, sikehûzen en ek in lofthaven. Flakby de stêd waard in yndustryterrein oanlein, wêrmei't ek de ekonomy in oantrún krige. Dat alles gyng mank mei in stadige taname fan it ynwennertal fan Ankara, wêrtroch't it útgroeide ta de twadde stêd fan Turkije. De wyk Ulus foarmet it histoaryske hert fan Ankara.

De gemeente Ankara grinzget yn it easten oan 'e provinsje Kırıkkale, yn it noardeasten oan Kalecik, yn it noarden oan Çankırı, yn it noardwesten en westen oan Güdül en Beypazarı, yn it suden oan Polatlı en yn it súdeasten oan Bala. Troch it sintrum streamt de Ankara Çayı, in sydrivier fan 'e Sakarya.

Ankara leit op de Anatolyske heechflakte en hat in kontinintaal steppeklimaat mei kâlde, snierike winters en hite, drûge simmers. De temperatuerferskillen tusken simmer en winter en tusken dei en nacht binne grut. De trochsneed temperatuer is 11,1 °C en de delslach bedraagt alle jierren likernôch 415 mm. De maitiid en hjerst binne it wietst, wylst de simmer drûch is. Ankara is ien fan 'e drûchste stêden fan Turkije, hoewol't der it hiele jier troch delslach falt.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foardat Ankara de haadstêd waard, hie de stêd mar tritichtûzen ynwenners. Mei't it yn 1923 de haadstêd waard, waard rekkene op 500.000 ynwenners. Yn 'e jierren 1920, 1930 en 1940 groeide de stêd oarderlik en waard Ankara nei Istanbul en Izmir de grutste stêd.

Sûnt 1950 groeide de stêd folle flugger troch plattelânsmigraasje út ûndermear Çorum, Yozgat en Sivas, wêrtroch't in soad yllegale 'gecekondu'-wiken ûntstiene. In protte fan dy wiken binne letter ferfongen troch heechbouw en nije wiken lykas Eryaman. Ankara hat Izmir yntusken ynhelle en is no de twadde stêd fan it lân. Yn 2021 hie de provinsje 5.747.325 ynwenners, wêrfan 5.013.432 yn it stedsgebiet wenne. De stêd heart ta de grutste stêden fan de wrâld en groeit noch altiten troch binnenlânske migraasje.

Jier192719351940195019601975199020002009
Ankara (stêd) 107.641123.699188.015450.968783.8511.997.9802.559.4713.203.3624.097.051
Ankara (provinsje) 404.581534.025602.965819.6931.321.3802.585.2933.236.6264.007.8604.650.802
Jier20152021
Ankara (stêd) 4.587.5585.013.432
Ankara (provinsje) 5.270.5755.747.325
Mausoleum fan Atatürk.

Anıtkabir is it mausoleum fan Mustafa Kemal Atatürk, de oprjochter fan 'e Republyk Turkije. It mausoleum leit op in yndrukwekkende heuvel dy't Anıttepe hjit. It gebouw waard yn 1953 foltôge en is in mingeling fan âlde en moderne boustilen. Yn it oangrinzgjende museum is in byld fan Atatürk, syn geskriften en brieven, en ek syn persoanlike besittings te sjen. De Anıtkabir is alle dagen iepen, al is it museum op moandei ticht.

Museum fan Anatolyske Beskavings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Museum fan Anatolyske Beskavings (Anadolu Medeniyetleri Müzesi) leit by de yngong fan it kastiel fan Ankara. It is in âlde, restaurearre oerdutsen bazaar. Hjoed-de-dei is it in museum mei in kolleksje fan wurken út it Paleolitikum, Neolitikum, Hattiërs, Hittiten, Frygjers, Urarteeërs, Griken en Romeinen.

De sitadel fan Ankara is it histoaryske hert fan 'e stêd, wêrfan de oarsprong werom giet oant de tiid fan 'e Frygjers yn 'e achtste iuw foar Kristus. De fersterking is troch de iuwen hinne troch ûnder oaren de Romeinen, Byzantinen en Seltsjûken fierder útwreide en ferboud. Binnen de dikke stiennen muorren, dy't opboud binne út in soad werbrûkte antike boumaterialen, leit in doalhôf fan smelle strjitsjes. Yn dit histoaryske gebiet steane in soad tradisjonele Ottomaanske hûzen dy't hjoed-de-dei tsjinje as wenning, winkeltsje of restaurant. Fanôf de heechste wâlen fan it fort is in frij útsjoch oer de hiele moderne haadstêd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: